Ofdielingskompetysje federaasje 2016
De welpen jonkjes stienen under lieding fan Lyssa van der Ende. Der waard keatst yn twa poules fan trije. De winners fan disse poules moasten dernei in finale tsjin inoar keatse. Yn poule A wie de winner sa beslist, mar yn poule B duorre dat wat langer. Toen Lollum-Waaxens sich al klear halde koe foar de finale, moast yn poule B de letste wedstryd fan de poule noch keatst wurde. Hjir waard tige spannend keatst, twa partijen waarden pas op 5–5 beslist en dy oare op 5 – 3. Spannum wie yn poule B degene dy oan it langste ein luts. De finale gie earst moai lyk op, mar it lange wachtsjen bruts de mannen fan Lollum-Waaxens úteinlik toch op. De winst gie hjir nei Spannum mei 5–2 en 6–2. Ek de welpen famkes stienen under lieding fan Lyssa. Op it letste momint hie Baard sich yn disse kategorie noch werom lutsen, wertroch der fjouwer partoeren op’e list stienen. Sy keatsten yn ien poule en moasten dus allegear tsjin inoar. Der wie ien partoer dat der mei kop en skouders boppeút stuts. Wy meie hun hjir twa dagen letter dan ek wer untfange op de KNKB wedstryd. Winsum wie oppermachtich en wun twa wedstryden mei 5 – 0 en ien mei 5–1. Lollum-Waaxens skrok fan de kwaliteiten fan Winsum, mar wun syn oare twa partijen ek frij gemaklik, wertroch sy twadde waarden. Wiuwert en Mantgum moatte goed sa trochgean, dan komme sy der ek wol! De pupillen stienen under lieding fan Gerbrig Wiersma. Mei twa famkespartoeren yn disse kategorie wie der beslist de jonges en de famkes mar by inoar te dwaan. Yn totaal dertroch 9 partoeren by de pupillen. It die wol blyken dat de famkes sich net samar oan de kant sette litte. Beide famkespartoeren wunen de earste omloop. Lollum-Waaxens moast it de twadde omloop oflizze tsjin de lettere winners. De famkes fan Winsum hellen de finale! Yn de ferliezersrunde gie de priis hjir nei de jonges fan Lollum-Waaxens. De twadde priis gie dus nei de famkes fan Winsum en de earste priis wie, krekt as by de welpen jonges, foar Spannum. By de skoallejeugd koenen de famkes ek net apart fan de jonges keatse. Disse kategorie mei yn totaal fiif partoeren stie under lieding fan AlbertTilma. Baard hie in moaie dei. Ien kear ferlieze en ien kear winne betsjutte de earste priis yn’e ferliezersrûne. Helaas gjin medaille hjoed, mar wol in puntsje foar de kompetysje. Hulde! Yn’e winnersrûne stienen de froulju fan Winsum tsjin de manlju fan Winsum. Fantastisch dat de froulju dit mei oermacht winne koenen! Sy wienen ek de ienige dy’t trije kear keatst hienen, dus dik fertsjinne. De letste kategorie binne de jonges/famkes. Ek by inoar foegt, omdat der hjir ek mar twa famkespartoeren wienen. Albert hie hjir it minste, mar ek in langste wurk fan. Pas nei njoggenen koenen de priizen útrikt wurde. Mar disse kategorie redt sichsels en der wurdt hiel leuk mei inoar keatst. De ferliezersrûne waard wun troch Winsum troch yn’e finale te winnen fan de pleatselike favorieten. De grutte finale gie tusken in oar Winsum en Lollum-Waaxens. It wie in spannende pot, mar úteinlik luts Lollum-Waaxens oan it langste ein. Útslach: Welpen jonges: 1e: Spannum mei Monse Hansma en Daan Harkema 2e: Lollum-Waaxens mei Hidde Jorritsma en Harmen-Jacob Postma Welpen famkes: 1e: Winsum mei Rianne Poelstra, Berber Rob en Monique Postma 2e: Lollum-Waaxens mei Mirthe Joustra, Lisanne Venema en Jeldau Koopmans Pupillen: 1e: Spannum mei Niels de Boer en Fedde Hansma 2e: Winsum mei Eva Rob, Romy Postma en Marij Tolsma 1e ferliezersrûne: Lollum-Waaxens mei Marten Algra, Johannes Bouma en Lieuwe-Meint Postma Skoallejeugd: 1e: Winsum mei Jeltine Meulenaar, Marlies Bonnema en Anna Rob 2e: Winsum mei Jelmer Kuiken, Pascal Poelstra en Jelke Greidanus Jonges/famkes: 1e: Lollum-Waaxens mei Jan Harmen Folkerts en Gabe-Jan van Popta 2e: Winsum mei Wessel Hilverda en Sipco Greidanus 1e ferliezersrûne: Winsum mei Daniel Rob en Anne Jent Visser In moaie keatsmiddei/jun foar Mantgum en in moaie foarbode foar de rest fan de kompetysje. Frijwilligers allegear wer tige bedankt en alle keatsers sukses yn’e fierdere kompetysje!
Geplaatst op 20 May 2016